CRESCENDO HOLWERT komt op mei FRYSKE BOEKEN

Muzykferiening “CRESCENDO” fan Holwert is fan doel om op freed 14 oktober fan 17.30 oere ôf, by de doarren lâns te gean mei de moaiste en nijste FRYSKE boeken, de boeken binne sawol foar bern as foar folwoeksenen.

Fansels sutelje wy ek de bûtenrûte. (op freedtemiddei 14 oktober)

Ferdinand de Jong, Frysk skriuwer koördinearret dizze sutelaksje fan de FRYSKE boeken.

Wy hoopje dat ús Holwerter bewenners safolle mooglik thús binne en dat jimme omraak boeken keapje sille. It past alhiel dizze datum, want it is ek noch BERNEBOEKEWIKE.

Der sit ek fêst wat moais foar de kommende desimber feestdagen by!

As der minsken fan de omlizzende doarpen fan Holwert binne, dy’t ek graach wat fan de sutelaksje ha wolle, dan kinne jo freedtejûns 14 oktober, op de betide jûn, wol efkes troch Holwert strune en komme jo fêst minsken mei kroadfollen boeken foarby.

Sis it troch …..Sis it troch……Sis it troch……!

Foar fragen: Sieke Olivier  0683948085 // Wopkje Bergmans 0636098208

Datum

okt 14 2022
Expired!

Blogstatistieken

  • 122.955 hits

Abonneer u op deze website d.m.v. e-mail

Voer uw e-mailadres in om u in te schrijven op deze website en e-mailmeldingen te ontvangen van nieuwe berichten.

Voeg je bij 813 andere abonnees